De geast fan Spultsjelittens

De premiêre hat al west. Mar de spilers fan it Berne Iepenloftspul yn Easterwierrum bringe harren foarstelling, De geast fan Spultsjelittens ek noch op 18, 19, 22, 24 en 25 juny oer't fuotljocht.
It Berne Iepenloftspul hat in nije lokaasje, njonken it doarpshûs fan Easterwierrum. En dat plak liend him tige foar krekt dizze foarstelling.
It stik, tekst en muzyk fan Peter Sijbenga, spilet him ôf op in braaklizzend stik lân. De grûn wie bedoeld foar nijbou, mar troch de krisis is der neat fan bouwen kaam. En no is Spultsjelittens, sa soe de nije wyk komme te hjitten, in prachtich boartersplak foar de bern. Dat wolle se graach sa hâlde. Mar der rinne ek minsken om mei oare plannen!

Oan it stik dogge 35 bern mei fan basisskoallen út Littenseradiel. It wie foar harren hiel spannend oft se wol meidwaan koene want der hiene har wol 70 bern út de groepen 7 en 8 opjûn foar de audysjes.
De spilers ha in drokke tiid achter de rêch. Twa of trije kear wyks repetearje, nei de studio foar muzykopnames, ekstra komme foar technyske repetysjes ensfh. Mar no litte se ek wat moais sjen.
Wa't meigenietsje wol, sjoch foar kaarten en oare ynformaasje op www.berneiepenloftspul.nl.
De regy is yn hannen fan Eelco Venema en Ytsje van der Meulen, de muzikale lieding is fan Joke Krist, de dûns stiet ûnder lieding fan Trieneke Verbeek en it dekôr is fan Jan Eric Valkema en syn bouploech. De kostúmûntwerpen binne fan Wolly Prins.