Fryske Foarlêswedstriid 2016

Wa wurdt de opfolger fan Fryske Foarlêskampioen Ylse Barkmeijer?

Dat witte wy op freed 10 juny. De 13 finalisten fan ferskillende skoallen yn Fryslân komme de middeis byelkoar yn it gebou fan de NHL, de hegeskoalle oan de Rengersleane yn Ljouwert. Op de neimiddei sil dêr, grif nei in spannende finale, de útslach bekend makke wurde. Foar de winner is der in moaie sulveren kampioensspjeld.

Learlingen út de groepen 6, 7 en 8 fan de basisskoallen yn Fryslân ha harren opjûn om mei te dwaan oan finale fan de Fryske Foarlêswedstriid. Oan 20 maaie ta hiene de masters en juffen de tiid om in skoalkampioen oan te wizen.

 

De bern wiene frij yn it kiezen fan in Frysk ferhaal mar koene foar tips fan geskikte boeken ek telâne op www.foarleskampioen.nl. Ek foarlêstips wiene dêr te finen. It stik dat foarlêzen wurdt, mei net langer duorje as fjouwer minuten.

De finale fan de Foarlêswedstriid is de ôfsluting fan twa wiken fertelle en foarlêze troch hiel Fryslân. Alle skoalkampioenen meie fansels  supporters meinimme nei de finale! Dat wurdt in grut feest!