In spetterjend feest foar Hanneke de Jong

Deputearre Sietske Poepjes fan kultuer hat op freedtemiddei 20 maaie de Simke Kloostermanpriis útrikt oan Hanneke de Jong foar it bêste Fryske berne/jeugdboek yn de ôfrûne trije jier. Dat barde yn de Petrustsjerke te Twizel. De skriuwster waard ûnderskieden foar har boek Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen. De priis bestie út in jildpriis fan € 5000,- en in oarkonde. It feest krige in ferfolch yn de tún fan it Simke Kloostermanhûs mei echte Simkehapkes en -drankjes.
Sjoch foar it folsleine sjueryrapport hjirûnder by 'lees meer'.

It boek giet oer bern mei ADHD. Hanneke de Jong hat dat ferhaal neffens de sjuery útwurke troch werkenbere sitewaasjes te beskriuwen. Se lit it echt sjen en toant har dêrmei in masterlik skriuwer.
Krityk hie de sjuery, besteande út Sigrid Kingma, Sytske Eringa en Willem Verf, al op de kwaliteit fan de útjefte fan it boek. Dêr hie de útjouwer wol wat mear omtinken oan jaan kinnen. Mar it ferhaal is fansels it wichtichst.
Hanneke de Jong is nei Berber van der Geest en Lida Dykstra de tredde skriuwster dy’t dizze priis foar de twadde kear yn ûntfangst nimme mocht. Yn 2010 krige se de ûnderskieding foar Salsafamke.  

Sjueryrapport foar de Simke Kloostermanpriis 2016

Datum:  freed 20 maaie 2016 om 15.00 oere
Plak: NH-tsjerke Twizel
Sprekker: Sigrid Kingma, foarsitter fan de sjuery dy’t fierder bestiet út Sytske Eringa en Willem Verf
Winner: Hanneke de Jong mei it boek ‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen’ (Friese Pers Boekerij 2014).

Goeiemiddei,
It is safier. As foarsitter fan de sjuery fan de Simke Kloostermanpriis 2016 sil ik, mei út namme fan sjueryleden Sytske Eringa en Willem Verf it sjueryrapport foarlêze.

As earste fansels fan herte lokwinske fan de hiele sjuery foar Hanneke de Jong, dy’t mei Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen foar de twadde kear de Simke Kloostermanpriis wint.

Dejingen dy’t hjir trije jier ferlyn ek sieten, sille de taspraak fan Douwe Kootstra noch net ferjitten wêze. Hy spruts syn soargen út oer de ûntjouwing fan de Fryske berneliteratuer om’t der de ôfrûne jierren fan alles fuortbesunige is, mar der neat foar yn plak kommen is. It wurdt foar útjouwers, en dus ek foar skriuwers, hieltyd lestiger om in boek op de merk te bringen én in goede promoasje dêrfoar te regeljen. Ik sil hjir net in selde soarte foardracht hâlde, mar folstean mei inkeld dit te sizzen: wat hy trije jier ferlyn sei jildt noch hieltyd. Kootstra spruts fan in beheinde produksje mei net mear as 35 titels yn trije jier. Mei plakferfangende skamte moat ik meidiele dat der no mar 26 titels meidienen, en der ien net iens op de list stie om’t netien fan it bestean fan dat boek wist.

Gelokkich binne der ek goede berjochten. It ferskaat wie grut en de kwaliteit net minder, fan AVI-reeks oant strips, fan Tomke oant e-book. Op de list steane relatyf in protte jeugdboeken, wat ik persoanlik geweldich fyn omdat dy kategory wat yn te heljen hat. Al wienen it der mar 26 titels, it hat lang duorre foar’t wy as sjuery de nominaasjes bekendmeitsje koenen. Ik sil earlik wêze. Reglemintêr binne nominaasjes in formaliteit, in mooglikheid om ekstra omtinken foar de boeken te fersieren yn media. Meastentiids wit de sjuery dan al wa’t de priis takomt. Mar wy hienen in probleem: wy hienen alle trije in oare favoryt. Al wienen wy it hast oeral oer iens, wy koenen yn earste ynstânsje net ienriedich in winner útroppe.

Ik wol jim in eintsje meinimme yn it proses dat wy trochrûn ha by it sjuerearen. Fan de printeboeken springt it Tomkeboekje Dach leave pake Durk derút, skreaun troch Auck Peanstra. It is knap hoe subtyl en raak as de tekst is foar sa’n gefoelich ûnderwerp. Der binne noch trije tomkeboekjes útkommen fan goede kwaliteit dy’t ek in nije foarmjouwing krigen ha. Om’t de konsistinsje yn kwaliteit en de doeltreffendheid fan de rige yn ús eagen in priis fertsjinnet, ha wy de mooglikheid fan in oeuvrepriis bepraat foar de Tomkerige. De boekjes binne ûnderdiel fan in grutter projekt dat fan ûnskatbere wearde is foar de taalbefoardering. De Simke Kloostermanpriis is yn prinsipe gjin oeuvrepriis, mar it is reglemintêr mooglik as in goede kandidaat ûntbrekt. Dy kandidaat wie der wol, en der wienen sels meardere, dêr’t fjouwer úteinlik fan nominearre binne.

De nominaasjes en de winner
Om te begjinnen mei in gefal apart wie der de bondel Dy iene foto. Net earder is in ferhalebondel nominearre. Tsien ferskillende skriuwers ha in koart ferhaal skreaun, ien fan de lestichste literêre sjênres. De ferhalen ha stik foar stik in sterke plot, lêze flot en slute oan by de ferbylding fan jongerein. Se binne lang genôch om de lêzer hielendal mei te slepen yn it ferhaal en koart genôch om yn ien kear út te lêzen. Net allinnich de tsien skriuwers ha hjir goed wurk levere, benammen foar de einredaksje is in grut komplimint op har plak. Net alle ferhalen ha fansels itselde nivo en troch it grutte ferskaat oan ynfalshoeken en styl is it net hielendal in winnende ienheid, mar likegoed in goede kandidaat.

Dan is der it earste en noch hieltyd ienige e-book foar jongerein Femke Faalt. Ate Grypstra lit sjen dat er wit wat pubers dwaande hâldt. Boppedat is er dapper troch it winnen fan de Simke Kloostermanpriis achteryn it boek te foarspellen. Yndie, Femke has it all, en it hat net in soad skeeld of dy foarspelling wie útkaam. It boek is flot skreaun en hielendal fan dizze tiid. Opboutechnysk sit it ferhaal sterk yn mekoar, wat foar de nedige spanning soarget. Der sit in soad psychology achter de húshâlding dêr’t Femke út komt, mei in teloarstelde iiskeninginne as mem, in oplichter as heit en in broerke dy’t gameferslaafd is. Mar dêr wurdt in bytsje oerhinne skreaun. Dat is oan ien kant begryplik om’t it boek oars de helte langer wurdt, mar oan de oare kant mist no de relativearring by de twa ekstreem negative âlden. Femke hat it yn alle gefallen net troffen mei har âlden, mar dy ha je no ienkear net foar it útsykjen.

Of wol? Yn In nije heit docht Thys Wadman it ûntinkbere. Hy sketst in hast magysk realistysk senario troch de problematyk fan famyljebreuken út berne-eagen wei te beskriuwen. Autogek Gerke krijt op syn jierdei presys wat er frege hie: in nije heit dy’t wol fan auto’s en fuotbal hâldt. Earst is dat moai, mar de nije heit hat ek in soad neidielen. Gerke freget him ek hieltyd mear ôf wêr’t syn âlde heit bedarre is en begjint in syktocht. Troch de prachtige yllustraasjes komt it ferhaal der moai út. Fan alle boeken dy’t yn de ôfrûne trije jier ferskynd binne is de oanklaaiïng fan In nije heit it meast fersoarge en passend. Wy ha wol twifele oft de tematyk, hoewol luchtich ferpakt, net te kompleks is foar bern fan in jier as tsien. Fierder komt dy nije heit wat oer as in loser, wêrtroch guon lêzers mooglik minder goed yn it fertaal meigean sille. Dat nimt net wei dat it in in bysûnder boek is en dat it boek wat ús oangiet terjochte nominearre is foar de IBBY Honourlist 2016.

Yn Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen hat Marike hiele oare soargen oan de holle. Sy hat oanbean om in ferrassingsfeest te organisearjen foar har mem dy’t 40 wurdt, mar ferslacht der al gau yn. Marike is op syn sachtst sein gaotysk. Mei help fan har bêste freondin en in learaar fan itensieden komt se in hiel ein, mar tuskentroch lizze in oantal oare dingen dwers, thús mei har broerke dy’t ADHD hat, op skoalle en mei de ferkearing. Hoewol’t it net allegear feest is en der ek aaklike dingen foarfalle, is de humor net ferjitten, in belangryk yngrediïnt dat yn dit boek it bêste út de ferve komt. It boek behannelet de problematyk fan ADHD, dêr’t in hiel soad bern hjoed de dei mei diagnostisearre wurde. Dit docht Hanneke de Jong net troch it te beskriuwen mar troch herkenbere situaasjes út te wurkjen en it echt te toanen, dêr’t se harsels in masterlik skriuwster mei toant. Hiel spitich oan dit boek is de kwaliteit fan de útjefte en it redaksjewurk. Dat docht dúdlik ûnder foar de oare boeken.

It mei dúdlik wêze dat in boek mei yllustraasjes yn hardcover lestich te fergelykjen is mei in e-book. Us yndruk is ek dat in skriuwer by de Afûk kwa einprodukt better ôf is as by de Friese Pers Boekerij. Dochs, by gelike punten foar it gehiel fan binnenkant en bûtenkant, wat it gefal wie, telt de ynhâld it swierst. De redaksje en de útstrieling binne hiel belangryk by in berneboek, mar úteinlik is it om it ferhaal te dwaan. Dêrom is Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen útroppen ta winner.

As ik al preekje soe, en no’t ik dochs yn tsjerke stean gryp ik dy kâns ek, dan wol ik de útjouwers by de Friese Pers Boekerij dit meijaan. De útjouwerij hat altyd fan grut belang west yn it Fryske literêre fjild troch net allinnich oan in oantal betûfte skriuwers in poadium te skinken, mar ek troch in wichtige pylder te foarmjen yn it literêre fjild. Ik hoopje dat de Friese Pers dizze priis sjocht as oanmoediging om wer mear Fryske berneboeken út te jaan, mar ek om wat mear leafde yn it einprodukt te stopjen.

Ta beslút tankje ik Sytske Eringa en Willem Verf foar de noflike gearwurking, it geduld en it begrip dat se opbrocht ha om de boeken allegear nochris te lêzen. It Simke Kloostermanlien ek tige tank dat alles hieltyd goed regele is. En jim fansels tank foar de oandacht.