Afûk hat it 1.000e boek yn Ferwert presintearre

De Afûk hat op tongersdei 12 maaie syn 1.000e útjefte presintearre:
Skelte wol in skelter.
It is in oarspronklik Frysk printeboek, skreaun troch Joke Scheffer en yllustrearre troch Anna Sikkes.
Wethâlder Jaap Hijma fan Ferwerderadiel krige it boek oanbean út hannen fan Afûk-direkteur Koen Eekma.

Nei ôfrin wie der in ferskaat oan feestlike aktiviteiten (mei as hichtepunt in echte skelterrace) en krigen alle bern út groep 2 fan de basisskoallen yn Ferwerderadiel it boek oanbean troch de gemeente.

Aktyf Frysk taalbelied
Ferwerderadiel is in gemeente mei in aktyf Frysk taalbelied. Hja hawwe net allinne yn de eigen organisaasje it Frysk heech yn it findel, de gemeente wol it Frysk ek ûnder syn ynwenners stimulearje. Sa wurdt elts jier de aksje “Jou in bern in boek” foar basisskoallebern organisearre om it Frysk lêzen te stimulearjen.

It boek
Skelte wol in skelter is it debút fan Joke Scheffer en begjinnend yllustratrise Anna Sikkes.
It boek giet oer Skelte dy’t graach in skelter ha wol, mar dat mei net fan heit en mem. Fan pake wol. Mar oft dat goed giet.......

Boekgegevens
Skelte wol in skelter
Tekst: Joke Scheffer
Yllustraasjes: Anna Sikkes
Ferkeappriis: € 13,50
ISBN:9789062739998
Utfiering: ynbûn