Simke Kloostermanpriis 2016 foar Hanneke de Jong

Hanneke de Jong kriget foar har boek, Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen, de Simke Kloostermanpriis 2016.
Dy priis wurdt ien kear yn 'e trije jier takend oan it bêste Frysktalige berne- of jeugdboek útjûn yn de trije foarôfgeande jierren.

Yn it fleurich útsjende boek kriget it puberfamke Marike troch har entûsjasme en har dreamerige en gaotyske gedachten in soad foar de kiezzen. Se hat oanbean om in feest te organisearjen foar de fjirtichste jierdei fan har mem, mar makket it foar harsels dreech troch tefolle te betinken. Mei help fan har bêste freondin en in learaar foar itensieden komt se in hiel ein, mar tuskentroch lizze in oantal oare dingen dwers, sawol thús, op skoalle as mei de ferkearing.

Benammen de útdjipping fan de sitewaasjes en gedachten is mei in soad soarch dien. Marike is in dreamer en it boek begjint dan ek mei in dream. Oan de iene kant is se in rasoptimist, mar oan de oare kant prakkesearret se har stikken oer wat der allegear ferkeard gean kin. Meardere kanten fan har karakter wurde útdjippe en kleurje it ferhaal. Op skoalle hat se gauris problemen mei it op tiid kommen en har toetsen sitte har lang net altyd goed yn it ûnthâld. Marike seit earlik wat se tinkt, mar mei ek graach de clown úthingje, wat moaie humoristyske dialogen opleveret. Mei har freondin bepraat se al har plannen en soargen.
As vmbo-famke hat se ferkearing mei in havist, by wa 't se ynearsten wat opsjocht. Thús hat se in broerke mei gedrachsproblemen dy't fan harren âlden nei de psycholooch moat en it dêr muoilik mei hat.
Troch de psychologyske útwurking libbest as lêzer mei Marike mei. Der sitte in pear ferrassende wendingen yn dy't spanning oan it ferhaal jouwe. Sawol oer it gehiel as yn de lytse dingen as make-up en cupcakes fersiere is it in fleurich jeugdboek dêr 'st enerzjy fan krigest.

Hanneke de Jong wennet yn Frjentsjer en is berne yn Aldetrine yn 'e buert fan Wolvegea. Se is lang dwaande west yn it basisûnderwiis en letter yn it fuortset ûnderwiis. Dêrnei waard se “fulltime” skriuwster. Mar it bloed krûpt dêr't it net gean kin en dus is Hanneke al wer foar it twadde jier warber as “skoalskriuwster”, no yn Deinum en Minnertsgea. Dat is in lanlik projekt om skoalbern yn 'e kunde te bringen mei lêzen, dichtsjen en it skriuwen fan ferhalen en gedichten. 

Hanneke is in tige súksesfol twatalich skriuwster fan berne-en jeugdliteratuer. Se skriuwt har boeken bytiden om en om yn it Frysk en yn it Nederlânsk en fersoarget sels de oersettings yn beide talen. Dochs hie de sjuery besteande út Sytske Eringa (Ljouwert), Sigrid Kingma (Grins) en Willem Verf (Damwâld)  it wakker dreech om in kar te meitsjen út de fjouwer nominearre boeken. Hanneke hie sterke konkurrinsje fan Ate Grypstra mei it boek Femke faalt, Thys Wadman, de winner fan de Simke Kloostermanpriis 2013, mei In nije heit en de tsien skriuwers fan Dy iene foto. De sjuery hat de nominearre boeken nochris kritysk trochnaam om in definitive en ferantwurde kar te meitsjen.

Foar it Simke Kloostermanlien is Hanneke de Jong perfoast gjin ûnbekende stjer. Yn 2007 fertsjinne hja in nominaasje foar it boek Sterke skouders. Trije jier letter wûn hja de priis foar it boek Salsafamke.
Nei Berber van der Geest (1989 en 1995) en Lida Dykstra (2004 en 2007) is Hanneke de Jong de tredde frou (!), dy't twa kear wint.

Hanneke de Jong kriget de Simke Kloostermanpriis 2016, besteande út in oarkonde en in bedrach fan
€ 5000 op freed 20 maaie 2016 yn de Petrustsjerke yn Twizel út hannen fan Deputearre Sietske Poepjes.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.simkekloosterman.frl.