Yke Reeder skriuwt en tekenet Aksjeboek foar bern 2016

Swalk 2016, Frysk op tournee

Swalk wurdt yn 2016 foar de tredde kear organisearre troch Tresoar. Fan 9 oant en mei 18 septimber reizget Swalk nei ferskate plakken yn Fryslân mei Fryske skriuwers, de nijste Fryske (berne)boeken, filmkes, keunst en mei muzyk fan Wiebe Kaspers, Daan Slagter en Florian den Hollander.

Aksjeboek foar bern yn de Berneboeketiid 2016
Sûnt 1987 komt yn de Berneboeketiid alle jierren in Aksjeboek foar bern út om it lêzen yn it Frysk te stypjen. It aksjeboek fan 2016, Wapper, wurdt by de start fan Swalk, op 9 septimber, oanbean. Diskear is it in printeboek, skreaun en tekene troch keunstneres Yke Reeder, dat ek geskikt is foar bern út it spesjaal ûnderwiis.

It ferhaal giet oer in hiel bysûnder fûgeltsje. Fleanen leare is noch in hiele keunst; it giet bytiden oars, mar wat is oars en wat is goed? Lokkich is it fûgeltsje Wapper o sa dapper!  Ûnder Swalk en yn de Berneboeketiid (9 oant en mei 30 septimber) is dit boek foar de aksjepriis fan € 4,95 te keap, dêrnei foar € 12,50. It boek wurdt troch de Afûk útjûn yn opdracht fan Tresoar.