Fjouwer titels nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2016

De sjuery foar de Simke Kloostermanpriis hat út tritich titels de boeken

  • Femke faalt fan Ate Grypsta
  • Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen fan Hanneke de Jong
  • In nije heit fan Thys Wadman
  • Dy iene foto, tsien ferhalen fan tsien auteurs

nominearre. De priis sil op freed 20 maaie troch Deputearre Sietske Poepjes yn de Petrustsjerke te Twizel útrikt wurde. De priiswinner fertsjinnet in bedrach fan € 5000,-.

 Sûnt 1983 wurdt troch it bestjoer fan it Simke Kloostermanlien ienris yn 'e trije jier de Simke Kloostermanpriis takend oan it bêste Frysktalige berne- of jeugdboek, útjûn yn 'e trije foarôfgeande jierren. Foar de tolfde edysje dit jier is de sjuery fierhinne klear mei de beoardieling fan de troch Tresoar oanlevere list mei titels. De sjueryleden binne: Sytske Eringa (Ljouwert), Sigrid Kingma (Grins) en Willem Verf (Damwâld)

Foar it Simke Kloostermanlien binne Hanneke de Jong en Thys Wadman 'âlde bekenden'.
Sa wûn Thys Wadman de foarige edysje fan de Simke Koostermanpriis yn 2013 en Hanneke de Jong dêr wer foar yn 2010. Ate Grypstra hat de priis noch net earder wûn. Syn boek, Femke faalt, is wol it earste E-boek dat nominearre is yn de skiednis fan de Simke Kloostermanpriis.
Nijsgjirrich is de nominaasje foar Dy iene foto, skreaun troch ferskate skriuwers. Reglemintêr is dit hiel goed mooglik, meidat de priis takend wurdt oan it bêste boek (!) fan de ôfrûne trije jier.
Wa't mear witte wol fan it Simke Kloostermanlien en de Simke Kloostermanpriis kin terjochte op de nagelnije webside www.simkekloosterman.frl.