Selfie fan Caja Cazemier is nominearre foar de Priis fan de Jonge Sjuery

#Selfie fan hitskriuwster Caja Cazemier út Ljouwert is alwer in super realistysk boek oer in aktueel ûnderwerp dat in hiel oare kant fan Social Media sjen lit… Yn 2008 wûn se de Priis fan de 'Jonge Jury' en se waard ek noch ris trije kear nominearre. Soe it fan’t jier wer raak wêze?

Oer it boek:
Mirte is fjirtjin jier en fynt dat har âlders har behannelje as in lyts bern. Se is gek op Social Media, ek al sjit har skoalwurk der sa wol by yn. Mirtes resultaten wurde hieltyd minder en dêrom pakke har âlders har geregeld de laptop en de telefoan ôf. Mar dat hâldt har net tsjin…

 Op Facebook leart ze in jonge kennen dy’t âlder is en dy’t har begrypt. Hy fynt har moai en leaf. Se stjoere elkoar alle dagen berjochten en al gau wol Twan ek skype. Mirte fynt de oandacht fijn, mar wat ûnskuldich begjint liket dochs oars út te pakken. Twan wol mear fan har sjen, mear bleat… Boppedat wol hy mei har ôfsprate en har yn it echt moetsje. Wat docht Mirte? Hoe reagearret se?

Lês fêst in fragmint op de website fan Caja by Caja blogt ((7-1-2015), of sjoch nei it filmke!