Mûske fan Martena nei de Pankoekdei yn Koarnjum

Mûske fan Martena rûkt wat…
Se stekt har spitse noaske yn ’e loft.
Wêr komt dy hearlike rook wei?
En wat soe it wêze?
Mûske fan Martena draaft hookstrooks
oer it paad har noaske efternei, springt
yn ´e kastanjebolster en dobbert de grêft
oer. Is it koeke wat se rûkt?

Sa begjint it boekje oer it mûske dat op freed 18 maart oanbean is troch yllustrator Ronald de Haan oan de bern út groep 3 fan de gearwurkingsskoalle Britsum, Jelsum, Koarnjum.
De tekst is fan Joke Scheffer. De skriuwster lit it mûske net allinne op de rook fan de pankoeken ôfgean mar fertelt tagelyk oer de stinzefloara dêr’t mûske by lâns komt yn it park by Martenastate: winterakonyt, holwoartel, giele anemoanen, longkrûd...

 Mûske wie net de iennige dy’t sin oan pankoeken hie. Nei in speurtocht troch it bosk fan Martena fûnen de learlingen út groep 3 fan de gearwurkingsskoalle, mei help fan harren pakes en beppes, de Túnmanswente. Dêr stie in hiele steapel pankoeken foar harren klear. Dy hiene se wol fertsjinne nei ’t se alle opdrachten útfierd hiene. En dy pankoeken foelen der wol yn. De hiele steapel wie nei in skoftke ferdwûn. En dêr hiene de mûzen noch net by sitten!
Nei it iten krigen se fan Ronald de Haan allegear in eksimplaar fan  it boekje mei nei hûs ta. De yllustraasjes by it ferhaal meie de bern sels ynkleurje.