Nasjonale Pankoekdei yn Koarnjum

Wa hat no gjin sin oan in pankoek?
De bern fan groep 3 fan de gearwurkingsskoalle Britsum, Koarnjum, Jelsum yn elk gefal wol.
Dêrom geane se op de Nasjonale Pankoekdei op freed 18 maart nei de Túnmanswente yn Koarnjum.
En se nimme pake en beppe mei.
De bern meie sels ek oan it bakken en dêr kinne pake en beppe dan moai by helpe.
Mar foar’t it safier is, dogge se earst in speurtocht troch it Koarnjumer Bosk, op syk nei it Mûske fan Martena. Dat mûske mei ek graach pankoeken en as de bern de opdrachten fan har útfiere komme se fansels by in lekkere pankoek telâne.

Gesellich meielkoar ite. En as de bern wer nei hûs ta geane?
Dan krije se allegear it boekje oer it Mûske fan Martena, skreaun troch Joke Scheffer, mei nei hûs ta.