Simke Kloostermanpriis 2016

Sûnt 1983 wurdt troch it bestjoer fan it Simke Kloostermanlien ienris yn 'e trije jier de Simke Kloosterman Priis  takend oan it bêste Frysktalige berne- of jeugdboek, útjûn yn 'e trije foarôfgeande jierren. Dit jier is it wer safier. De priisútrikking is op freed 20 maaie 2016 om 15:00 oere yn 'e Petrustsjerke yn Twizel.

Om it oansjen te ferheegjen en it belang te ûnderstreekjen fan kwalitatyf  goede berne- en jeugdliteratuer hat it Simke Kloostermanlien it prizebedrach opnij ferhege en fêststeld op
€ 5000.
It bestjoer fan it Lien is dwaande om it reglemint foar de priis oan te passen en te ferbreedzjen. Sa kin de priis ek takend wurde oan in boekesearje of it oeuvre fan in skriuwer. In oare wichtige oanpassing is, dat by printeboeken/stripboeken de priis takend wurdt oan skriuwer en yllustrator beide.
Dêrneist wurket it Lien oan kwaliteitsferbettering yn de organisaasje fan de wichtichste priis foar Frysktalige berne- en jeugdliteratuer.

De trije sjueryleden, Sytske Eringa (logopodist spesjaal ûnderwiis), Sigrid Kingma (dichter en resinsint berneboeken) en Willem Verf (earder direkteur fan de grutste Ljouwerter wolwêzensorganisaasje en fraksjefoarsitter tusken 1995 en 2003 fan Grien Links) binne te set mei de boeken dy 't útkaam binne yn de jierren 2013, 2014 en 2015. Tresoar fersoarget in oersjoch fan alle útjeften en de Fryske útjouwers stelle de boeken beskikber.
Sjoch foar mear ynformaasje op dizze webside by it menu: Prizen Berneliteratuer en op www.simkekloosterman.frl.