Boek en brochje yn De Túnmanswente

Lekker meielkoar in broadsje ite en wylst harkje nei in ferhaal. Dat diene de beukers fan de gearwurkingsskoalle Jelsum, Britsum, Koarnjum op woansdei 4 febrewaris yn De Túnmanswente te Koarnjum.
De broadsjes fan bakkerij Nico en Aeltsje de Groot smakken mar bêst en doe’t Aeltsje ek noch kaam om it ferhaal út it boekje, Wy ha der in geitsje by te fertellen, wie it hielendal gesellich.
Nei it boek en it brochje koene de bern sels nei oanlieding fan it ferhaal oan ’e slach. Wollige geitsjes en skiepkes meitsje, barchjes plakke, beammen fersiere, tekenje mar ek bouwe mei grutte houten en kleurde blokken. In pleats of in geitehok bygelyks. En bûten stiene trije moaie geitsjes dy’t wol graach efkes oandacht ha woene. Om bar gong in groepke bern nei de bisten ta om se te aaien en ek om noch efkes nei dat moaie kastieltsje Martenastate te kuierjen.

Op ’e neimiddei namen de beukers harren âlders mei nei De Túnmanswente om de wurkstikken fan dy moarns sjen te litten.
Dêr koene se opnij nei in ferhaal harkje, diskear fan Titus oer De sike ko.
Elk waard dêrnei traktearre op ferskate lekkere (geitetsiis)hapkes.
Ta beslút krigen alle bern it boekje Wy ha der in geitsje by, en in prachtige poster mei nei hûs ta.
De 4e febrewaris wie it hichtepunt fan de Foarlêswike foar dizze  beukers.