De Nasjonale Foarlêsdagen begjinne

Op woansdei 27 jannewaris begjinne de Nasjonale Foarlêsdagen. Rûnom wurde dy deis by moarnsbrochjes ferhalen ferteld yn de berne-opfang, op pjutteboartersplakken, op basisskoallen, yn bibleteken ensfh. En dy foarlêsdagen geane troch oan 6 febrewaris ta. Tsien dagen lang stiet it Printeboek fan it Jier, Wy ha der in geitsje by/We hebben er een geitje bij, sintraal. En tsien dagen lang wurdt der ekstra omtinken jûn oan foarlêzen en fertellen. Hiel wichtich foar (jonge) bern om de taalûntwikkeling, fantasij, kreativiteit, sosjale ûntwwikkeling ensfh. te stypjen.
Op woansdei 3 febrewaris komme de beukers fan de Gearwurkingsskoalle Jelsum, Britsum, Koarnjum nei de Túnmanswente yn Koarnjum foar it ferhaal oer it geitsje. Boppedat kinne se dan ek by de geitsjes sjen en sels oan 'e slach om moaie keunstwurken te meitsjen n.o.f. it boek. It moaiste keunstwurk fertsjinnet in priis dy't op de neimiddei útrikt wurde sil yn bywêzen fan de âlders. (Sjoch foar mear ynformaasje en tips by it menu Nasjonale Foarlêsdagen)