Ted van Lieshout en Marit Törnqvist steane op de shortlist fan de Hans Christian Andersen Award.

De Hans Christian Andersen Award wurdt ek wol de Nobelpriis foar jeugdliteratuer neamd.
It is de heechste ear dy’t je as berneboekskriuwer/yllustrator fertsjinje kinne. Yn 1988 gong dy bekroaning nei Annie M.G. Schmidt en yn 2004 nei Max Velthuijs. De nasjonale seksjes fan it ‘International Board on Books for Young People’ (IBBY) nominearje altyd in auteur en in yllustrator.
Op de shortlist foar auteurs steane njonken Ted van Lieshout: Cao Wenxuan (Sina), Louis Jensen (Denemarken), Mirjam Pressler (Dútslân) en Lois Lowry (USA).
Op de shortlist foar yllustratoaren steane njonken Marit Törnqvist: Rotraut Susanne Berner (Dútslân), Pejman Rahimizadeh (Iran), Alessandro Sanna (Italië) en Suzy Lee (Korea).
De winners fan de Hans Chr. Andersenprizen 2016 wurde bekend makke op de berneboekebeurs yn Bologna.

 

Ynformaasje oer de nominearren:
Ted van Lieshout (1955) hat studearre oan de Rietveld Akademy. Sûnt 1986 skriuwt en yllustrearret hy proaza (fiksje en boeken oer keunst) en poëzij foar bern. Fierder skreau en skriuwt hy toanielsenario’s, (muzyk)teaterstikken en ferskes foar bekende telefyzjeprogramma’s, lykas ‘Het Klokhuis’ en ‘Sesamstraat’. In bysûnder autobiografysk twalûk foarmje de dichtbondel ‘Zeer kleine liefde’ (1999) en syn earste roman foar folwoeksenen, ‘Mijn meneer’ (2012). Dêr fertelt hy, fanút it perspektyf fan syn jongere ik, oer de relaasje dy’t hy as jonge hie mei in pedofyl. Yn 2009 krige hy de Theo Thijssenpriis foar syn hiele oeuvre. In jier letter krige hy as earste de Willem Wilmink-priis, de priis foar it bêste berneliet. En yn 2012 mocht hy de Woutertje Pieterse Priis en in Sulveren Griffel yn ûntfangst nimme foar syn blokgedichten yn ‘Driedelig paard’. Van Lieshout ûnderskiedt him fan in soad oare auteurs troch de alsidigens fan syn oeuvre, de dialooch tusken wurd en byld en syn orizjinele en byldzjende styl.

Marit Törnqvist (1964) folge de oplieding ta yllustrator oan de Rietveld Akademy, mei Carl Hollander en Thé Tjong-Khing as dosinten. Dit jier fiert sy har 25-jierrich jubileum as yllustratrise (én auteur). Sy yllustrearre in soad boeken fan Astrid Lindgren. Yn 1995 ferskynde it earste, troch harsels skreaune (en yllustrearre) boek, ‘Klein verhaal over liefde’, dat mei in Sulveren Griffel bekroane waard. Hast 10 jier letter folgen ‘Bellen blazen in Burundi’ en ‘Wat niemand had verwacht’. Marit hat ek ins soad boeken fan oare Nederlânse skriuwers yllustrearre. Se hie in gearwurking mei ûnder oare har moeder Rita Törnqvist-Verschuur, Annie Makkink (‘Helden op sokken’) en Hans en Monique Hagen (‘Jij bent de liefste’) Sjoerd Kuyper (‘Ik blijf altijd bij je’) en Toon Tellegen (‘Pikkuhenki’). Foar it lêste boek krige se it Gouden Pensiel 2006. Yn jannewaris 2013 ferskynde by útjouwerij Querido it printeboek, ‘Groter dan een droom’, dat ze makke mei de Flaamske auteur Jef Aerts. Törnqvist is ien fan de meast talintrike yllustratoaren fan dit momint, dy’t ek ynternasjonaal in soad erkenning kriget.