Start Skoalskriuwers yn Fryslân

Fan moandei 25 jannewaris ôf sille op tsien skoallen yn Fryslân wer Skoalskriuwers oan ’e slach.
It projekt is ferline jier foar it earst yn ús provinsje fan start gien. Skriuwers ferbine har foar in heal jier oan in basisskoalle om benammen bern mei in lege taalfeardigens te ynspirearjen en te stypjen. De skriuwers dy’t yn ús provinsje aktyf wêze sille binne: Lida Dijkstra, Janny van der Molen, Hanneke de Jong en Mindert Wijnstra y.g.m. Dolf Verroen. Sy begeliede allegear twa skoallen. Kate Schlingeman en Derk Visser binne nij fan’t jier. Kate Schlingeman begjint op de Ljouwerter Montessoriskoalle en Derk Visser op IBS Oud Oost yn Ljouwert.
Fierder sil Lida Dykstra nei De Uniaskoalle yn Wurdum en De Hoekstien yn Surhústerfean, Hanneke de Jong nei De Wizebeam yn Minnertsgea en Twaspan yn Deinum en Janny van der Molen nei de Kompanjonskoalle op De Knipe en De Reinbôge yn Twizelerheide. Mindert Wijnstra en Dolf Verroen geane nei IBS De Feart yn Jobbegea en De Sevenaerskoalle yn Nijhoarne.
Yn de Ljouwerter Montessoriskoalle wurdt de start fan de nije Skoalskriuwers offisjeel markearre troch de ‘beëdiging’ fan berneboekskriuwster Kate Schlingemann troch deputearre Sietske Poepjes.

It projekt is in inisjatyf fan Stichting 'De Schoolschrijver', Bibliotheekservice Fryslân en de Fryske biblioteken. De Skoalskriuwers binne fierder aktyf yn Amsterdam, Grins en Noard-Brabân. Lanlik wurde 9.000 bern, âlders en learkreften op 45 basisskoallen berikt. De berneboekeskriuwers biede bern in program oan oer boeken, lêzen en skriuwen. Ek âlders en learkrêften wurde by de aktiviteiten belutsen.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.deschoolschrijver.nl.