De deikoersen fan Remco

In nij jeugdboek fan Bart Kingma oer Remco Heeringa (14) dy’t profesjoneel hurdfytser wurde wol. Hy hat it talint, hy hâldt fan trainen en is hartstikke serieus yn de sport. Mar dan bart der in slim ûngelok en liket Remco's dream yn reek op te gean.
De deikoersen fan Remco hat in relaasje mei de skoaltelevyzjesearje De Koers fan Omrop Fryslân.
Dy dramaserie giet oer de 17-jarige hurdfytser Sieger dy't foar in wichtige kar yn syn karriêre komt, as hy op it punt stiet in profkontrakt te bemachtigjen.

It boek is spesjaal makke foar it 'LêsNo' projekt. It hat as doel it Frysk lêzen oantreklik te meitsjen foar de jeugd.
Sjoch foar mear ynformaasje oer it boek ek by it menu Fryske berneboeken.