Nasjonale Foarlêsdagen 2016

Mei it Printeboek fan it Jier, Poëzijwike en Gedichtedei

Fan 27 jannewaris oant en mei 6 febrewaris binne de Nasjonale Foarlêsdagen.
It Printeboek fan it Jier is Wy ha der in geitsje by/We hebben er een geitje bij,  fan Marjet Huibers en Iris Deppe.
Sa kin yn dy perioade njonken it Nederlânsk ek yn it Frysk foarlêzen wurde yn de berne-opfang, op de basisskoallen en yn de bibleteken. By it menu Nasjonale Foarlêsdagen stiet allegear ynformaasje oer it boek, de skriuwster en de yllustratrise. Boppedat kin gebrûk makke wurde fan lessuggestjes by it boek foar de beukers/ûnderbou. De Afûk hat foar de berne-opfang in lesbrief gearstald.

As de bern wat grutter binne fine se it noch altyd fijn om nei in ferhaal te harkjen. Foar learlingen fanôf groep 6 oant en mei groep 8 kinne in pear ferhalen downloaden wurde by it submenu ûnder Nasjonale Foarlêsdagen: Ferhalen foar bern fan 10 - 12 jier.

Tagelyk is it Poëzijwike (28 jannewaris - 3 febrewaris) dy't begjint mei de Gedichtedei. Ek oer poëzij foar bern (fan berne-opfang oant en mei groep 8 basisskoalle en de ûnderbou fan it Fuortset ûnderwiis) is by it submenu ûnder Nasjonale Foarlêsdagen: Nasjonale Gedichtedei, de nedige ynformaasje te finen.

Op 3 febrewaris wurdt der in foarlêsbrochje organisearre yn de Túnmanswente yn Koarnjum. De beukers fan de gearwurkingsskoalle Jelsum/Britsum/Koarnjum komme dêr moarns foar in lekker brochje en ûnder it iten krije se it ferhaal oer it nije geitsje te hearren. Dêrnei kinne se by de geitsjes lâns dy't dy deis yn de tún by de Túnmanswente op besite binne en sille se n.o.f. it ferhaal moaie keunstwurken meitsje dêr't se in priis mei fertsjinje kinne.