Dolf Verroen skriuwt it Berneboekegeskink 2016

Skriuwer Dolf Verroen (1928) is yn 2016 de auteur fan it geskink foar de Kinderboekenweek.
Op dat literêre bernefeest steane pakes en beppes sintraal. It motto is: Foar altyd jong. De 62ste edysje fan de Kinderboekenweek is fan 5 oant en mei 16 oktober.

Dolf Verroen is berne yn Delft mar hy wennet al sûnt jierren yn Fryslân.
Hy skreau syn earste boek doe’t hy fjirtjin jier wie. Dat boek, Het boek van Jan-Kees, is pas útjûn yn 1958. Doe’t it letter opnij ferskynde krige it de titel, Paarden van die enge grote.
Yn gearwurking mei Bauke Oldenhof is ien boek fan de skriuwer yn it Frysk ferskynd: In nuver famke. Yn it Stellingwerfsk kaam Dikke Doezerd! en ere verhaelen út.

 

It earste berneboek fan Dolf Verroen kaam út yn 1957: Marieta’s overwinning.
De skriuwer krige foar syn boeken trije kear in Sulveren Griffel en syn wurk is faak bekroane troch bernesjuery’s. Yn 2006 waard hy yn Dútslân dûbel ûnderskieden foar Wie schön weiß ich bin, de oersetting fan Slaaf kindje slaaf, in konfrontearjend ferhaal oer de slavernij. Hy krige dêr de Gustav-Heinemann-Friedenpreis für Kinder- und Jugendbücher en de Deutscher Jugendliteraturpreis foar.
Dolf Verroen kiest yn syn boeken altyd partij foar it bern. Syn ûnderwerpen slute oan by wat bern dwaande hâldt. Hy wol harren helpe de wrâld te begripen en om harren bangens te oerwinnen.
It wurk fan de skriuwer is oerset yn it Baskysk, Katalaansk, Deens, Dúts, Frâns, Frysk, Ytaljaansk, Japans, Noars, Papiamints, Turks en Súd Koreaans.
Dolf Verroen is Ridder yn de Orde van de Nederlandse Leeuw.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.dolfverroen.nl.