Slauerhoff Poëzijpriis

"Op een droom scheepgaan" – 2016 –
Tsiende edysje Slauerhoff PoëzijpriiS!

Takom jier wurdt foar de tsiende kear de Slauerhoff Poëzijpriis útrikt! 
Op 8 juny 2016 is de feestjûn dêr’t de winners bekendmakke wurde.
Om’t it in jubileum is, is de wedstriid diskear spesjaal oanpast. Foar it earst meie ek sjongteksten ynstjoerd wurde foar de poëzijwedstriid! Ynstjoere foar 1 maart 2016.
By de organisaasje kin boppedat in gastdosint boekt wurde foar in les 'poëzij-skriuwen'.

Ynformaasje yn ’t koart:

  • Skriuw in gedicht fan maksimaal 50 rigels of meitsje in filmke mei dyn sjongtekst en win 200 euro!
  • Do kinst dyn ynstjoering fia it ynstjoerformulier opstjoere! (Sjoch op www.slauerhoff.nl).
  • It ûnderwerp fan it gedicht meist sels kieze.
  • Elkenien yn Fryslân tusken 12 en 18 jier kin meidwaan.
  • Der binne trije kategoryen: 12-15 jier vmbo, 12-15 jier havo/vwo en 16-18 jier.
  • It prizejild bedraacht 200, 125 en 100 euro per kategory en in oanmoedigingspriis per kategory fan 50 euro.
  • Alle talen binne tastien. By gebrûk fan talen oars as it Frysk of Nederlâns moat in oersetting by levere wurde.

 Meidwaan?

  • De deadline is 1 maart 2016.
  • De priisútrikking is op 8 juni 2016. Mear ynformaasje oer it plak en it program folget letter.
  • De tritich moaiste ynstjoerings wurde yn in spesjale bondel útjûn.
  • Mear ynformaasje is te krijen by dyn learaar Frysk, Nederlâns of CKV. Dy kin by de organisaasje ek in gastdosint boeke foar in les 'poëzij-skriuwen'.
  • De dosinten binne Ellen Deckwitz en Arjan Hut. Boeke fia Lysbert Bonnema. Sy is te berikken fia it e-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. .