Over grote beren en knuffels

Op woansdei 9 desimber hat auteur Xavière Kolk it earste eksimplaar fan it printeboek ´Over grote beren en knuffels´ oerlange oan Sietske Poepjes, deputearre foar taal en kultuer fan de provinsje Fryslân.

It printeboek is bedoeld foar âlders én bern. Om in petear oan te gean oer grutte minsken en de grinzen fan bern. Xavière Kolk skreau dit boekje tegearre mei har soantsje Daniël fan 8 jier. Nei’t Daniël twa jier lyn sa flink wie om syn geheim te fertellen woe er meihelpe om oare bern te beskermjen tsjin grutte bearen.
It boekje is skreaun fanút de belibbing fan lytse bear; in jonkje dat graach wol dat syn âlders grutsk op him binne. Op in dei freget de grutte bear út syn strjitte oft hy der efkes yn komt. Lytse bear wol net bretaal wêze. Dus hy giet mei yn ’e hûs.
As lytse bear letter bûten komt is er net mear bliid. En ynienen pisset er nachts op bêd wer yn ’e broek. Ek hat er nachtmerjes en is er samar lilk op mem.

 

Lytse bear en syn mem hoopje dat it boekje, mei it ferhaal yn fjouwer ferskillende talen, minsken helpe sil en stypje. En dat it boekje dit drege ûnderwerp better besprekber makket.
De fjouwer talen yn dit boekje binne talen dy’t yn Fryslân sprutsen wurde: it Frysk, Bildts, Stellingwarfs en Nederlâns. Om’t je oer drege ûnderwerpen yn je eigen taal wat makliker prate kinne.

Foar de prachtige yllustraasjes en opmaak fan it boek soarge Edith Stultiens. Foar de oersettings soargen Baukje Luining (Bildts), Hermien van der Meer (Frysk) en Sietske Bloemhoff (Stellingwarfs).

It boek is útjûn troch de Stichting Stellingwarver Schrieversronte. Foar it printsjen soarge Printbase bv yn Sintjohannesgea. It boek wurdt finansjeel mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

Oer it boek

Der binne leuke geheimen en ferfelende geheimen. Ast in geheim hast dêr’st net bliid fan wurdst dan meist  dat altyd fertelle oan immen dy’t dy helpe kin.

Sa begjint lytse bear syn ferhaal te fertellen. In ferhaal oer in grutte bear yn syn strjitte. Dy’t him ynienen freget om by him yn ’e hûs te kommen.
Lytse bear doart net ‘nee’ te sizzen. Want is it wol netsjes en beleefd om ‘nee’ te sizzen tsjin in grutte bear?
Lytse bear fertelt syn ferhaal. Dan witte oaren ek dat je altyd prate meie oer te grutte geheimen. En de âlders witte hoe’t se mei harren bern prate kinne oer dit drege ûnderwerp: wat kinst dwaan as immen wat fan dy wol dêr’st fertriet fan hast?

 In stikje út it ferhaal (Nederlânske ferzje)
“Bij ons in de straat woont een grote beer.
De beer is aardig.
Tenminste, dat denk ik wel.
Maar ik voel het niet.
En dat is raar.
Want mama vindt de grote beer aardig.
Ze zwaait altijd naar hem, op weg naar school.
Papa vindt de grote beer aardig.
Want hij maakt ’s avonds wel eens een praatje met hem.  
Hij is dus aardig, maar ik vind dat niet.
(….)
Op een dag vroeg de grote beer uit mijn straat mij iets:
“wil jij een lekker snoepje? “Zei hij.
En hij hield zijn deur open zodat ik naar binnen kon lopen.
Ik mocht vast wel even bij deze grote beer naar binnen.
Want mama vindt hem aardig.
(….)
“Kom maar op mijn schoot zitten hoor,”
zei de grote beer.
En dat wilde ik eigenlijk niet zo graag.
Maar ik wist niet of het wel netjes en beleefd is om ‘nee’ te zeggen.
En op schoot gaan zitten zal vast wel goed zijn,
Want papa vindt de grote beer aardig.
En mama ook.
Dus klom ik op zijn schoot.
Dat voelde heel gek.
En hij pakte een mooi boek met een heleboel moeilijke woorden.
“Lees mij nu eens voor?”