Harrekrammele yn it Frysk Museum

Machiel Braaksma hat it perfekte berneboek makke, fol mei âlde rommel

It is in berneboek foar folwoeksenen wurden en ferskynde yn in oplage fan 100 eksimplaren. Elk boek is in keunstwurk op himsels. De boeken binne ynbûn yn read reptilelear mei kapkes fan goudsatyn en letters fan blêdgoud.
Se kostje € 230,-.
Sa’n djoer boek is net bedoeld foar in breed publyk. Mar yn it Frysk museum te Ljouwert is fan sneon 26 septimber ôf in útstalling oer alles wat mei Harrekrammele te krijen hat, te sjen. Dêr binne de orizjinele makettes  en modellen foar, en de útfergrutte prints fan de foto’s út it boek, útstald.
It boek sels leit der ek: in eksimplaar mei strúsfûgellear en fearren fan in poelepetaat.
De iepening fan de tentoanstelling is op 17 oktober.

Oer it boek

It doarp Harrekrammele ûntstie doe’t in bakker yn ’e rein op syn fyts mei in bôlekoer oer de kop fleach en al syn bôlen wiet waarden. De bakker rôp: “Harrekrammele”, en fytste fierder.
Mar de bistkes  ieten harren búkje fol en setten har op dat plak te wenjen om’t se tochten dat dêr miskien noch ris in bakker oer de kop fleane soe.
Op it stasjon yn Harrekrammele  is it in kommen en gean fan meast de útienrinnende bisten. Yn it boek steane ferhalen oer it stasjon dat makke is fan karton mei doarren fan knäckebröd. Dêr komme de reizgers oan en sjogge je stasjonssjef papegaai Archje, masinist Sjon de mol en de ferdwaalde famylje Sjinese krobben.

Foar de yllustraasjes brûkte Braaksma materiaal dat je in alle húshâldings tsjinkomme lykas plestik kofjeleppeltsjes, in âld strykizer, termoskanne, ierdappelstamper, fytsdynamo of in âlde philishave. De foarwerpen krije in oare identiteit en reitsje besiele. In lokomotyf, gearstald út ûnder oaren metalen kofjebekers, ademet de geast fan in kilometers frettende masine dy’t net sêd te krijen is.
De bylden hat Machiel Braaksma yn in miniatuer lânskip delset dat er dêrnei fotografearre.