Kinderboekenweek 2015

Wetter, smaak, it hielal en Tjibbe Veldkamp yn Kinderboekenweek yn Midden-Fryslân

Yn de 61e edysje fan de Kinderboekenweek (7 - 18 oktober) organisearje de biblioteken yn Midden-Fryslân ferskate aktiviteiten dy't passe by it tema ‘Raar mar wier’. Njonken wurkwinkels en foarstellings oer technyk en natuer, komt ek skriuwer Tjibbe Veldkamp op besite.

Om bern safolle mooglik te learen oer natuer en technyk, wurkje de biblioteken gear mei de Stjerrewacht yn Burgum, natuerorganisaasje IVN en Hegeskoalle Van Hall Larenstein (VHL). Bern (8+) krije fan de stjerrewacht in presintaasje oer de romte. Ek leare se om in sinnewizer te meitsjen. Fan de IVN leare se in soad oer de natuer en ek dan moat de jeugd sels oan 'e slach. Yn gearwurking mei Hegeskoalle VHL wurde smaaklessen jûn yn de groepen 7 en 8 yn Ljouwert.

Yn in Kinderboekenweek meie skriuwers net ûntbrekke. Tjibbe Veldkamp, ien fan de bekendste berneboekeskriuwers fan Nederlân, komt op snein 11 oktober yn de Biblioteek Ljouwert Sintrum. Hy lêst ûnder oaren foar út Agent en boef. Foar skoallen organisearret de Stichting Biblioteken Midden-Fryslân skriuwersbesites fan Anna van Praag (6 oktober, Biblioteek Grou), Gideon Samson (15 oktober, Biblioteek Burgum) en Mariken Jongman (16 oktober, Biblioteken Hurdegaryp en Gytsjerk).

Fierder komt Poppa.P mei in muzikale foarstelling oer wetter yn de Biblioteek fan Grou, wurde der robots knutsele yn Biblioteek Burgum en sil yn De Pleats yn Burgum (y.g.m. Biblioteek Burgum) Clown Kiko in foarstelling jaan oer swiertekrêft foar beukers.

Aktiviteitenoersjoch:
Foarstelling Poppa.P - ‘Wetter’ (5+)
wo 7 okt, 15.00-15.45 oere, Biblioteek Grou, yntree fergees
Raar mar wier knutselmiddei (4+) I.g.m. kultureel jongerewurk BOB
wo 7 okt, 14.15-15.45 oere, Biblioteek Gytsjerk

Stjerrewacht Burgum - Wurkwinkel ‘De romte’ (8+)
wo 7 okt, 15.00-16.00 oere, Biblioteek Hurdegaryp, yntree fergees
wo 14 okt, 15.00-16.00 oere, Biblioteek Gytsjerk, yntree fergees
do 15 okt, 15.00-16.00 oere, Biblioteek Burgum, yntree fergees

IVN - Wurkwinkel ‘De natuer’ (9+)
wo 7 okt, 14.30-15.30 oere, Jeugdbiblioteek Camminghaburen, yntree fergees
wo 14 okt, 14.30-15.00 oere, Biblioteek Bilgaard, yntree fergees
za 17 okt, 14.00-15.00 oere, Biblioheek Ljouwert Sintrum, yntree fergees

Skriuwersbesite Tjibbe Veldkamp (4+)
I.g.m. Berneboekhannel De Toverlantaarn
zo 11 okt, 14.30-15.30 oere, Biblioteek Ljouwert Sintrum, yntree fergees

Clown Kiko – ‘Professor Jongleur Kiko ûntdekt de swiertekrêft’ (4+)
wo 21 okt, 14.00-14.45 oere, De Pleats te Burgum, yntree € 6,00