Berneboekedei Terherne 2015

De Berneboekedei yn Terherne is fan 't jier op snein 18 oktober. Dêr is fan alles te dwaan en te belibjen, sjoch mar nei it hiele program.
It tema is: Raar, mar wier!
Tagong fergees!

Program
Kameleon Boatestasjon: Spektakulêre iepening (om 12.58 oere)
Mei hege besite út de romte. Dizze mysteryguest sil tegearre mei Tryater-acteur Arnold Dykstra de prizen útrikke fan de boekekisttentoanstelling. Mei muzikale begelieding fan fleurige muzyk fan Jeugdkorps De Boarnster Blazers.

Yn Doarpshûs De Buorkerij (om 13.30 en 15.00 oere)
De Wûndertoeter
troch Teaterselskip Knûkel
De Wûndertoeter is it hilaryske, mar sa no en dan ek gefoelige ferhaal oer Hindrik Bûter, in jonkje dat graach bysûnder wêze wol. En dan komt der in wûnderlike toeter op syn paad... De Wûndertoeter is basearre op it boek De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter fan Paul van Dijk. In enerzjike foarstelling mei live-muzyk, poppen, akteurs en in soad humor. www.knukel.blogspot.nl

Utstalling boekekistkes yn de Pjutteklas yn Doarpshûs de Buorkerij (fan 13.00 - 17.00 oere)
It resultaat fan de westriid foar basisskoallen. Der wurdt in boek, dat mei it tema fan de kinderboekenweek te krijen hat, útbylde yn in kistke.

Discoverytruck Ryksuniversiteit Grins op it plein foar De Buorkerij (fan 13.00 - 17.00 oere)
It ridend laboratorium fan de Ryksuniversiteit Grins mei as tema: Dyn enerzjy fan moarn. Mear informaasje, sjoch op www.jouwenergievanmorgen.nl

Bioskoop Peal 43 (om 14.00, 15.00 en 16.00 oere)
Soe dat aardich wêze kinne, in boek sûnder plaatsjes? Tryater-akteur Arnold Dijkstra lêst yn it Frysk foar út it hilaryske Boek sûnder tekeningen fan B.J. Novak www.youtube.com/watch?v=cREyQJO9EPs

It grutste bernelaboratorium fan de wrâld yn Peal 43 (fan 13.00 - 17.00 oere)
Doch allegear spannende, rare proefkes by ûntdekkingssintrum Aeolus. By Staetsboskbehear kinst ûleballen plúzje.

By Anja (njonken De Buorkerij)
Foarlêskampioenen
lêze foar út in printeboek dat yn it ramt stiet fan de 'Kinderboekenweek' Raar, mar wier!

Kameleonbuorkerij (fan 13.00 - 17.00 oere)
De Kameleonbuorkerij  is fergees tagonklik op de Berneboekedei. Op it Boartershiem kinst broadjes bakke boppe it kampfjoer.

Nifelje by De Blije Papegaai njonken de Kameleonbuorkerij (13.00 - 17.00 oere)
Wurkwinkel boekensteunen meitsje en pimpe, of oan ‘e slach mei magnetyske krêften.

Kantoar Heddema (foar de Kameleonbuorkerij oer)
Foar de alderlytsten wurdt Tomkeradio lansearre, in ynternetkanaal mei nonstop ferhaaltsjes en muzyk fan Omrop Fryslân

Fierder...

Sander Metz en Sytse Haima
Dit ylústere duo soarget foar fleur. Sjong en dûnsje mei!

Jeugdkorps Concordia Aldeboarn De Boarnster Blazers (om 14.30 oere)

Smynke
Lit dysels omtoverje as flinter, poes of…

Bibleteek Mar en Fean, De Jouwer

Boekferkeap – nije en twaddehâns boeken
mei û.a. Berneboekwinkel De Toverlantaarn, Bruna Grins en de Fryske boek- en taalwinkel Afûk

En mei… de nijsgjirrige professor Sneup Snoad, Draaioargel Wellerhaus, Tomke, Hylke en Sietse, Gerben, Fjildwachter Swart ensfh.