Caja Cazemier skriuwt yn it Frysk foar it Aksjeboek

Caja Cazemier, ferneamd jeugdboekeskriuwster, hat foar it earst in ferhaal yn it Frysk skreaun. Dat is har bydrage oan it Aksjeboek foar de jeugd yn de Berneboeketiid 2015, Dy iene foto. Har ferhaal  giet oer seksy selfy’s.
Caja is ien fan de 10 skriuwers dy’t oan it aksjeboek fan dit jier meiwurke hat.

Yn 2013 hat de skriuwster it Aksjeboek foar de jeugd Foarstelling yn it Nederlânsk skreaun dat dêrnei oerset waard troch Ans Wallinga. It is letter yn it Nederlânsk útbrocht ûnder de titel: Echt spel.
Aardich om te melden is dat ek Ans Wallinga diskear in eigen bydrage foar Dy iene foto levere hat.

 

Caja hat al hast 60 jeugdboeken op har namme stean. Koartlyn is se, mei ko-auteur Martine Letterie, nominearre foar de Thea Beckmanpriis. It Nederlânsk is foar har de earste taal, ek om yn te skriuwen. Wat it Frysk oanbelanget  bliuwt it foarearst by dit iene ferhaal.