Jentsjeboekjes

In hiele soad Fryske bern binne grut wurden mei de aventoeren fan Jentsje, it ûndogenske jonkje út de boekjes fan Barbro Lindgren & Eva Eriksson.
De ferhaaltsjes binne yndertiid oerset troch Janny Vledder - van der Knoop en útjûn troch de Afûk.
Troch de jierren hinne bleaunen de boekjes populêr. Dêrom binne der no opnij in tal dieltsjes útbrocht troch de Afûk.
Yn de winkel lizze:
Jentsje syn pot
Jentsje syn pemper
Jentsje syn auto

Jentsje yn 't bad
Jentsje syn bear
Jentsje syn koekje




 

 

 

 

 


Mei in protte foarlêswille foar in nije generaasje pjutten.