Fryske Berneboeketiid 2015

Op 11 septimber is, tagelyk mei it literêr festival Swalk, de Fryske Berneboeketiid begûn.
Oan 30 septimber ta is it Aksjeboek foar de jeugd, Dy iene foto,  te keap yn de boekhannel foar mar € 4,95 by in oar Frysk boek.

Swalk giet op 'e swalk. Op 15 septimber wurdt oanstutsen yn kafee Max te Starum. Om 20.00 oere begjint dêr it program fan Dette Glashouwer en Wiebe Kaspers. Gast op dy jûn is de ferneamde berneboekeskriuwer Thys Wadman.
Syn nijste boek: In nije heit, stiet yn 2016 op de IBBY-honourlist.

Op 18 septimber wurdt it Swalk-program presintearre yn Teater 'De vier Pelikanen' te Ljouwert (start 20.00 oere). Gasten op dy jûn binne twa
skriuwers dy't in ferhaal levere ha foar it Aksjeboek foar de jeugd, Dy iene foto, Caja Cazemier en Rixt Weiland.

Skoallen kinne yn de Berneboeketiid en dêrnei in Skriuwersprogram oanfreegje foar yn de klasse. Sjoch by it menu Berneboeketiid.
Sjoch foar mear ynformaasje oer Swalk op www.swalk.nl.