Fryske gedichten troch jongeren yn stedsbussen fan Ljouwert

Nasjonale Gedichtedei

Op 26 jannewaris, op de Nasjonale Gedichtedei, ha de finalisten fan Ferstival Fryske gedichten foardroegen yn de Ljouwerter stedsbussen. Dizze aktiviteit is in gearwurkingsprojekt fan de Provinsje Fryslân, Connexxion en Tresoar. By it dichtersbrochje yn stedsskouboarch De Harmonie biet Jorn van der Schaar it spits ôf mei it gedicht fan Jelle Bangma, Wat mei dyn wente wêze. Tusken 11.00 en 12.30 oere kamen njonken Jorn ek Ilja Dijk, Johan Horjus, Femke Kaatee, Merel van Wijk, Marie Etta Fopma, Jente van der Hem, Carmen Venema, Anna-Siet Algra en Doutsen Dotinga yn aksje.

 

Passazjiers waarden ûnderweis traktearre op Fryske gedichten fan ferneamde dichters lykas Baukje Wytsma, Benny Holtrop, Jurjen van der Meer, Auck Peanstra en Eppie Dam. De foardragers lieten harren net ôfliede troch yn- en útstappers, de lûden en de bochten ûnderweis. Troch in megafoan lieten se har lûd en dúdlik hearre. Studinten fan Stenden, dy't de passazjiers in lytse enkête ynfolje lieten, krigen goed respons. In ludike aksje dy't der foar soarge dat de Fryske poëzij de wrâld yn riden waard.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.connexxion.nl/friesegedichten.