Lêzing Sigrid Kingma oer Berneliteratuer

14 febrewaris 2012
Bibleteek Drachten
Fryske berneliteratuer
Untjouwingen en foarútsjoch oan de hân fan de ôfrûne 20 jier

Sigrid Kingma (1989) is masterstudint Nederlânsk yn Grins en folget dêrnjonken fakken Frysk. Har bachelorskripsje skreau se oer de Fryske bernepoëzij fan 1944 oant en mei 1948. In gefoel fan nostalgy soarge derfoar dat se har fierder ferdjippe hat yn de Fryske berneliteratuer dêr’t se mei grut wurden is. Se is foarsitter fan Skanomodu, de stúdzjeferiening Frysk, en redakteur by de ferieningsblêden Skanoskrift en SCT Contact. Sûnt ferline jier skriuwt se út en troch literatuerresinsjes foar Ensafh en De Moanne.

 

Lêzing oer Fryske berneliteratuer

De ôfrûne 20 jier kamen der 450 Fryske berneboeken út, dêr’t in grut part fan oerset wie út in oare taal. Yn dat tiidrek wienen 40 Fryske skriuwers aktyf, dy’t mei-inoar 248 titels skreaunen. Sigrid Kingma die wiidweidich ûndersyk nei de Fryske berneliteratuer, de skriuwers en de útjouwers. Se ferdjippe har ek yn it keap- en lêsgedrach en socht út wat bern sels it leafste lêze wolle.

Op 14 febrewaris fertelt sy oer de wrâld fan de berneliteratuer yn Fryslân, foar eltsenien dy’t dêr mear oer witte wol. Har lêzing giet net sasear oer de boeken sels, mar foaral oer de hjoeddeiske sitewaasje en hoe’t it fierder kinne soe.

Sigrid Kingma docht in masterstúdzje Nederlânsk mei byfakken Frysk, is resinsint en dichteres en is boppedat dwaande mei it skriuwen fan in berneboek.

“De literatuer dêr’t ik it oer ha sil, is it wurk dêr’t ik mei grut wurden bin. Yn de lêzing sil ik sawol troch ferskillende berne-eagen as fan ferskillende ynstitúsjes út nei de berneliteratuer sjen, sadat it hiele fjild oan de oarder komt.”.

 

Dit is de tredde lêzing yn de rige fan de ‘Literêre 4-Stêdetocht’, dy’t holden wurdt yn de fjouwer grutste stêden: Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits. Alle kearen is der in oare sprekker, dy’t op ‘e tekst komt oer in markant aspekt fan de Fryske literatuer. Nei de ynlieding is der gelegenheid foar fragen en diskusje, benammen oer de takomst fan de skriuwerij yn it Frysk. Elke lêzing stiet op himsels, jo hoege as harker de hiele 4-Stêdetocht net te folbringen.

De lêzingen binne ornearre foar elk dy't him by de Fryske literatuer betrutsen fielt: lêzers, (oankommend) skriuwers, útjouwers, sjoernalisten, resinsinten, afûkkursisten, learlingen, studinten, dosinten, leden fan Fryske kriten, ensafh.

Datum: 14 febrewaris 2012

Tagong: € 5,00 (kofje en tee fergees)

Foar byb-leden en studinten: € 3,50
It begjint om 20:00 oere
Plak: Biblioteek Drachten
Opjaan: http://www.beleefbibliotheek.nl
Telefoan: 0512 51 26 80

De beleefbiblioteek is fêstige oan it Museumplein yn it sintrum fan Drachten, op rinôfstân fan De Lawei.