Traveliers Boekepakket foar basisskoalle De Opdracht

Start Berneboekesjuery 2012 yn Oerterp

Boekepakket
Learlingen út groep 8 fan basisskoalle De Opdracht yn Oerterp ha in gratis Traveliersboekepakket yn 'e klasse oanbean krigen. Dy skoalle hie him as earste oanmelden om mei te dwaan oan de Berneboekesjuery 2012. Learlingen út de heechste groepen fan de basisskoallen yn Fryslân sille tusken febrewaris en maaie de fiif dielen fan de Traveliersrige beoardielje en it moaiste boek oanwize.

Sulveren Spjeld
Trije skriuwers wurken mei oan de Traveliersrige. Auck Peanstra hat de dielen: It goud fan de Aboriginals en Kantsjeboard op Kurasao skreaun. Yslik aktyf en In flitsend hûntsje binne fan Anny de Jong en Fûgelfrij yn de Canyon fan Jan Schotanus. Yn juny, yn de perioade fan it Fertel & Foarlêsfestival, wurdt bekend makke hokker skriuwer de Sulveren Spjeld fan de Berneboekesjuery fertsjinne hat.

Spannende boeken
De boeken yn de Traveliersrige binne tige spannend. Hidde en Fardau Travelier belibje rûnom op 'e wrâld aventoeren om't se gauris harren heit achternei reizgje as dy wer ris foar syn wurk nei it bûtenlân útstjoerd wurdt. Se binne net gau benaud en besykje alle kearen wer, soms mei help fan heit en mem, om gefaarlike sitewaasjes op te lossen.

Wurkgroep Berneboekesjuery
De wurkgroep Berneboekesjuery, dy't bestiet út fertsjintwurdigers fan de Afûk, bibliotheekservice Fryslân, Cedin, It Fryske Berneboek, Tresoar en de Pabo's fan de NHL en Stenden, hat alle skoallen ynformaasje stjoerd oer it meidwaan oan de Berneboekesjuery. De ynformaasje bestiet ûnder oaren út in folder/poster mei de spulrigels foar it sjuerearjen en dielnameformulieren. It doel is dat de bern harren persoanlike kar ynfolje. Dy formulieren wurde yn ien kear troch de skoalle opstjoerd nei Tresoar.

Priis foar de skoallen
De skoallen meitsje kâns op in boekepakket mei in wearde fan € 300,-, € 200,- of € 100,-. By de ynstjoerings wurdt sjoen hokker skoallen it tichtste by de útslach fan de totale sjuery sitte. In prachtige kâns om de eigen bibleteek oan te foljen mei Fryske berneboeken.