Swalk

ek mei programs oer berneliteratuer

Hâlde jo fan in gesellige Frysk kulturele middei mei muzyk (fan de band Wiebe) en hat benammen berneliteratuer jo ynteresse? Dan hat Swalk yn septimber in tal moaie ôfwikseljende programs foar jo yn petto.
Swalk is in projekt fan Tresoar yn Ljouwert. Swalk bringt de Fryske (berne)literatuer en kultuer by de minsken yn Fryslân. Mei in rige optredens troch Fryslân, presintearre troch Wybo Smids, mar ek op Twitter, Facebook en in webside (swalk.nl) wol Swalk de leafhawwers fan de Fryske taal en kultuer graach berikke.

Programs mei de berneboekeskriuwers Yke Reeder, Joke Scheffer, Ate Grijpstra en Janneke de Boer binne yn Gytsjerk, Dokkum, Mantgum en Feanwâlden.
Foar programynformaasje, sjoch hjirûnder by 'Lees meer'. Foar de oare programs, sjoch op swalk.nl.

Lees meer: Swalk

Yn de fakânsjekoffer

It is hast wer simmerfakânsje. Koffers pakke en op reis. Wat is it dan fijn om ûnderweis yn auto, trein, bus of fleanmasine nei in ferhaal te harkjen of sels in boek te lêzen.
Mar net allinne ûnderweis. Ek yn it húske, de caravan of de tinte is in boek ûnmisber.
Bliuwe jim thús? Yn 'e hûs of yn it tún is it ek hearlik om te lêzen.
Wat nimme jim mei yn de fakânsjekoffer?
Hjirûnder in pear tips foar jonge en âldere bern en jeugd.
Wolst noch mear tips? Sjoch dan by it menu Fryske berneboeken. Foar harkboeken, sjoch www.audiofrysk.nl.

Lees meer: Yn de fakânsjekoffer

De geast fan Spultsjelittens

De premiêre hat al west. Mar de spilers fan it Berne Iepenloftspul yn Easterwierrum bringe harren foarstelling, De geast fan Spultsjelittens ek noch op 18, 19, 22, 24 en 25 juny oer't fuotljocht.
It Berne Iepenloftspul hat in nije lokaasje, njonken it doarpshûs fan Easterwierrum. En dat plak liend him tige foar krekt dizze foarstelling.
It stik, tekst en muzyk fan Peter Sijbenga, spilet him ôf op in braaklizzend stik lân. De grûn wie bedoeld foar nijbou, mar troch de krisis is der neat fan bouwen kaam. En no is Spultsjelittens, sa soe de nije wyk komme te hjitten, in prachtich boartersplak foar de bern. Dat wolle se graach sa hâlde. Mar der rinne ek minsken om mei oare plannen!

Lees meer: De geast fan Spultsjelittens

Fryske Foarlêswedstriid 2016

Wa wurdt de opfolger fan Fryske Foarlêskampioen Ylse Barkmeijer?

Dat witte wy op freed 10 juny. De 13 finalisten fan ferskillende skoallen yn Fryslân komme de middeis byelkoar yn it gebou fan de NHL, de hegeskoalle oan de Rengersleane yn Ljouwert. Op de neimiddei sil dêr, grif nei in spannende finale, de útslach bekend makke wurde. Foar de winner is der in moaie sulveren kampioensspjeld.

Learlingen út de groepen 6, 7 en 8 fan de basisskoallen yn Fryslân ha harren opjûn om mei te dwaan oan finale fan de Fryske Foarlêswedstriid. Oan 20 maaie ta hiene de masters en juffen de tiid om in skoalkampioen oan te wizen.

Lees meer: Fryske Foarlêswedstriid 2016

In spetterjend feest foar Hanneke de Jong

Deputearre Sietske Poepjes fan kultuer hat op freedtemiddei 20 maaie de Simke Kloostermanpriis útrikt oan Hanneke de Jong foar it bêste Fryske berne/jeugdboek yn de ôfrûne trije jier. Dat barde yn de Petrustsjerke te Twizel. De skriuwster waard ûnderskieden foar har boek Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen. De priis bestie út in jildpriis fan € 5000,- en in oarkonde. It feest krige in ferfolch yn de tún fan it Simke Kloostermanhûs mei echte Simkehapkes en -drankjes.
Sjoch foar it folsleine sjueryrapport hjirûnder by 'lees meer'.

Lees meer: In spetterjend feest foar Hanneke de Jong

Afûk hat it 1.000e boek yn Ferwert presintearre

De Afûk hat op tongersdei 12 maaie syn 1.000e útjefte presintearre:
Skelte wol in skelter.
It is in oarspronklik Frysk printeboek, skreaun troch Joke Scheffer en yllustrearre troch Anna Sikkes.
Wethâlder Jaap Hijma fan Ferwerderadiel krige it boek oanbean út hannen fan Afûk-direkteur Koen Eekma.

Nei ôfrin wie der in ferskaat oan feestlike aktiviteiten (mei as hichtepunt in echte skelterrace) en krigen alle bern út groep 2 fan de basisskoallen yn Ferwerderadiel it boek oanbean troch de gemeente.

Aktyf Frysk taalbelied
Ferwerderadiel is in gemeente mei in aktyf Frysk taalbelied. Hja hawwe net allinne yn de eigen organisaasje it Frysk heech yn it findel, de gemeente wol it Frysk ek ûnder syn ynwenners stimulearje. Sa wurdt elts jier de aksje “Jou in bern in boek” foar basisskoallebern organisearre om it Frysk lêzen te stimulearjen.

Lees meer: Afûk hat it 1.000e boek yn Ferwert presintearre

Simke Kloostermanpriis 2016 foar Hanneke de Jong

Hanneke de Jong kriget foar har boek, Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen, de Simke Kloostermanpriis 2016.
Dy priis wurdt ien kear yn 'e trije jier takend oan it bêste Frysktalige berne- of jeugdboek útjûn yn de trije foarôfgeande jierren.

Yn it fleurich útsjende boek kriget it puberfamke Marike troch har entûsjasme en har dreamerige en gaotyske gedachten in soad foar de kiezzen. Se hat oanbean om in feest te organisearjen foar de fjirtichste jierdei fan har mem, mar makket it foar harsels dreech troch tefolle te betinken. Mei help fan har bêste freondin en in learaar foar itensieden komt se in hiel ein, mar tuskentroch lizze in oantal oare dingen dwers, sawol thús, op skoalle as mei de ferkearing.

Lees meer: Simke Kloostermanpriis 2016 foar Hanneke de Jong